De Lytse Gysbert Japicxpriis

© De Lytse Gysbert Japicxpriis is -dé priis foar it bêste Fryske gedicht-, makke troch in learling út 
groep 7 of 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân!

De priis wurdt om it jier útrikt. 
De lêste kear wie dat op sneon 11 oktober 2025 yn de Martinitsjerke yn Boalsert. 

De winner fan de priis: 
Alen Hrustic fan OBS Trijegeaster Honk út Ousterhaule, mei syn gedicht: Bergen en djippe dellingen. 

De priis is neamd nei de grûnlizzer fan de skreaune Fryske taal: dichter en skriuwer 
Gysbert Japicx (1603-1666).

Wolsto as skoalle of as learling meidwaan oan de Wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2027?
Gedichten kinne o/m de simmer 2027 ynstjoerd wurde.

Lês hjir mear oer de wedstriid!


Priiswinners fan de Lytse Gysbert Japicxpriis:

2025 - Alen Hrustic mei it gedicht: Bergen en djippe dellingen -
OBS Trijegeaster Honk - Ousterhaule

2023 - Sytze de Haas mei it gedicht: Ik gean fuort
Regioskoalle de Greidefûgel - Baard

2021 - Elbrich Ouderkerken mei it gedicht: De Berchein
De Blinker - Boalsert

2019 - Anna van der Kort mei it gedicht: De Sjiraf
Sint Maartenskoalle - Boalsert

2018 Robert Jan van Hardeveld mei it gedicht: Reedride
Trijegeasterhonk - Ousterhaule

2017 Jens Zuiderbaan mei it gedicht: Fakânsje
              De Fluessen -  Aldegea (Fryske Marren)

2015 Anne Veuger mei it gedicht: Hjerst
               De Oudvaart - Snits

2015 Michelle Zeilstra mei it gedicht: Natuer
               De Oudvaart - Snits

2013 Nynke Groenveld met it gedicht: Waar
               CBS de Bron te Bolsward

2013 Jenske de Lange mei it gedicht: Dreamen
               De Bron - Boalsert


De priiswinner kriget de fûl begearde Gouden Fear, in oarkonde en set syn of har namme op in spesjaal boerd yn it Gysbert Japicxhûs, it bertehûs fan Gysbert Japicx (1603-1666). 

De (Wedstriid) Lytse Gysbert Japicxpriis is in projekt (sûnt 2013) 
fan de Gysbert Japicx Holckema Stichting.