Edukatyf


                                                                    Edukatyf

ONLINE LESMETOADE FRYSK & GYSBERT JAPICX - 4 lessen        
Gedichten ▼ meitsje...  en... De wedstriid LYTSE GYSBERT JAPICXPRIIS 2021!
Hoi! Op ûndersteand tabblêd stiet de edukative ynformaasje fan de online lesmetoade Frysk en Gysbert Japicx. De akteurs út Musical Master Gysbert hawwe flochjes en in lesmetoade makke. 

In les bestiet út... earst in flochje en dêrnei de fragen en de opdrachten. Foar de dosint is der in apart tabblêd mei in hantlieding en de antwurden fan de fragen en de opdrachten. Understeande knoppen binne oan te klikken foar in floch of in pdf. Nei 4 lessen binne bern yn 'e kunde kommen mei Gysbert Japicx en de Fryske taal en kinne in Frysk gedicht skriuwe en meidwaan oan in nominaasje foar de Lytse Gysbert Japicxpriis. De folgjende útrikking is yn 2023. 



Kerndoelen: 1, 9, 11, 12, 17, 18, 19, 20, 21, 22, 51, 52, 53, 54, 55, 56. Taal, meertaligheid, creatieve vakken, wereldoriëntatie, geschiedenis, muziek.




Hânlieding foar DOSINTEN -pdf

FLOCHJES                                             FRAGEN & OPDRACHTEN
Taalstambeam A4-pdf by les 2 Talen fan de wrâld
PowerPoint pdf by les 4 Gedichten meitsje
Floch en lesbrieven troch Tidder Interactive.
Filmke Freark Smink troch Omrop Fryslân. Taalstambeam troch Vera Damhuis en Elske Kinderman. PowerPoint troch Biblioteken Mar & Fean.




Mear edukative filmkes op it mêd Frysk, taal en Gysbert Japicx:



Lieten Frysk, taal en Gysbert Japicx: 
Komposysje muzykblêd troch Hindrik van der Meer. Lay-out muzykblêd troch Vera Damhuis en Elske Kinderman.

Nóch jout jo grutte namme ynspiraasje
oan dichtersfolk út eltse generaasje
foar rymlerije as ferdivedaasje
of argewaasje.


Ode oan Gysbert Japicx troch:
Hindrik van der Meer - 2003
Share by: