'De alve fan Gysbert'
11 gedichten wurde nominearre foar de Lytse Gysbert Japicxpriis!


Foarseleksje gedichten foar in nominaasje foar de Lytse Gysbert Japicxpriis
Troch studinten fan NHL/Stenden en meiwurkers fan Tresoar wurde der út alle ynstjoerde gedichten >>> alve gedichten keazen dy't in nominaasje krije foar de Lytste Gysbert Japicxpriis.
(Dé priis foar it bêste Fryske gedicht troch skoalbern groepen 7 en 8).

© De Alve fan Gysbert
De alve nominearre gedichten 2025 binne presintearre yn in eksposysje by Tresoar. Lês se hjir werom:

Winnende gedicht 
In faksjuery makket út de alve gedichten dy't in nominaasje krije, de kar fan it úteinlik winnende gedicht. 

Yn 2025 wûn Alen Hrustic de Lytse Gysbert Japicxpriis, mei syn gedicht Bergen en djippe dellingen!
Lês hjir mear!

Sjuery
De sjuery 2025 bestie út: Tialda Hoogeveen, Wybo Smids en Gertrud Palstra. 

Yn oerlis mei de wethâlder Kultuer - gemeente Súdwest-Fryslân -
wurdt de LYTSE GYSBERT JAPICXPRIIS yn septimber 2027 wer bekend makke wurde. 

De feestlike útrikking fan de Gouden Fear en de spesjale oarkonde is 
yn 2027 yn Boalsert. 

Yn 2023 waard de Lytse Gysbert Japicxpriis wûn troch:
Sytze de Haas (Regioskoalle De Greidefûgel - Baard) mei syn gedicht 'Ik moat fuort'.