Kontakt

KONTAKT

Fragen oer projekten Gysbert Japicx en de Fryske taal? Stjoer in berjocht!



De Gysbert Japicx Holckema Stichting hat de doelstelling om de Fryske taal en it ferhaal oer it libben en it wurk fan Gysbert Japicx (1603-1666) libben en yn eare te hâlden. Dat wurdt dien troch it organisearjen fan muzikale-, literêre- en edukative projekten. 

Gysbert Japicx Holckema 1603-1666

Gysbert Japicx waard berne yn 1603 yn Boalsert. Hy wie de soan fan Jacob Gysberts Holckema en Sijcke Salves Nicolai. Gysbert Japicx waard skoalmaster yn Wytmarsum en letter ek yn syn bertestêd Boalsert. Hy wie foarsjonger yn de Martinitsjerke en hat de Fryske taal, dat yn dy tiid allinnich noch mar in sprektaal wie, op papier setten. Hy hat oersettings makke fan psalmen en hat in protte dichtwurk op syn namme stean. Pas nei syn dea is al it wurk sammele en útjûn yn it boek Fryske Rymlerye (earste printinge 1668). Gysbert Japicx wurdt sjoen as de grûnlizzer fan de Fryske skreaune taal. Om it jier is der in Gysbert Japicxpriis útrikking, dé literêre priis foar proaza en poëzy. Sûnt in pear jier is der ek in Lytse Gysbert Japicxpriis, dy't ta doel hat om it dichtsjen en de Fryske taal by bern te stimulearjen.  Yn 2019 is der op 'e nij in Gysbert Japicxpriis útrikking. 
Meer over het leven van Gysbert Japicx
Share by: